letra de riedsel - nynke laverman
yn guon nachten wazemje alle wurden fan iensumens
dize driuwt yn ‘e holle om, wat falt der ek te sizzen
de stuollen leech bliuwe, de klok sûnder hope tikket
it sop stiet kâld op tafel, de tsiis heakket oan it knyft
yn ‘e fierte glidet de see oer wite kokkelbanken
in fiskersfrou begjint te waskjen
dit hûs garret it stof fan in lang jier en ik fei it
yn myn hannen en hoe te tinken oan nije leafde
yn ‘e fierte sjongt de see oer wite kokkelbanken
wat ik oan gebaren foar dy meitsje kin
it is gjin riedsel
wat ik oan wurden foar dy sizze kin
is net dat riedsel
fan twa tegearre
en ik, ik wol wer sjonge op dizze keale ierde
it hûs in útbloeide blom, de doar in toarre beam
wat is sterker as de hûd, wat is tearder as de hûd
ik nim wat de see en it stof tegearre meitsje
en ik sil wer sjonge oer dat iene riedsel
wat ik oan gebaren foar dy meitsje kin
it is gjin riedsel
wat ik oan wurden foar dy sizze kin
is net dat riedsel
fan twa tegearre
en ik wol wer sjonge oer dat riedsel
fan twa tegearre
letras aleatórias
- slide ita › letra de penso solo a me - slide (ita)
- duplex heart › letra de all the lovers (tribute version) - duplex heart
- ethan cook › letra de submergence - ethan cook
- muse › letra de recess (unreleased alternate version, trident studios, 1999) - muse
- ages › letra de apotheosis - ages
- kid lucilfer › letra de dior - kid lucilfer
- terrorist of the heart › letra de afraid - terrorist of the heart
- xena aouita › letra de hadya lbhar - xena aouita
- da poet › letra de arkadan vuran (2006 mix) - da poet
- paul shapera › letra de arcadia corp labs - paul shapera