letra de frij - baldrs draumar
gjin goud, gjin sulver
frijheid is ús priis
en foar ’t wy frijheid ha
jou wy gjin belies
dyn stêd kinst krije
dat swarre wy dy
mar ús priis is dúdlik
friezen binne frij
as de wyn dy ’t weidet oan einleaze loften
dêr ’t it wolketek skiepfee de kime yn driuwt
in sinne dy ’t sakket yn fjoerreade marren
tusken tuorrebouten oan ‘e ein fan ‘e dei
as weagen brûzjend op ‘t oankommend wetter
skomjend fan willе, mei it swit op ‘e kop
binne wy friеzen, yn hert en yn tinzen
yn dwaan en yn litten, yn alles sa frij
binne wy frij! friezen binne frij!
fan de skouders fan reuzen ôf sjogge wy no del
op de kloften fan karel, op de toarre, earme grûn
tinkend oan thús, oan ús frou en oan ús bern
de rykdom fan in man, dy’t net te keapjen is
frijdom komt ús ta! friezen binne frij!
santjin kerren, baas op eigen grûn
dêr ’t rêst hearsket, mei in frije stoel yn ’t rjocht
wy tsjinje gjin hear, ha frede op ús ting
ferachtsje dyn jeften, karel frankekening
wy binne en bliuwe frij!
letras aleatórias
- groove moose › letra de georgia rails - groove moose
- la rue ketanou › letra de interdit - la rue kétanou
- валерия valeriya › letra de пополам... (in half...) - валерия (valeriya)
- halo circus › letra de yo me voy - halo circus
- resurgence › letra de machine - resurgence
- smoke maze › letra de c.r.e.a.m (ric flair drip remix) - smoke maze
- mauricio manieri › letra de falando sério - maurício manieri
- leon hlabathi › letra de niggas actin' fancy - leon hlabathi
- sf9 › letra de mamma mia - sf9
- ezra bell › letra de (maybe we are) - ezra bell