letras.top
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

letra de ik wol werom - vocal roses

Loading...

wat moat ik no mei dy muntsjes yn myn hûs
sels myn kroechfyts stiet op marktplaats en dy reitsje ik mar net kwyt
wat moat ik no mei myn hakken yn ‘e kast
myn maskara droeget út en myn klean bin’ út ‘e tiid

ik langje sa werom, minsken songen mei ús mei
want thús bin ik de dj en ik fyn mar net myn draai

ik wol werom nei de swaen
dat ha we dûbel en dwars fertsjinne
it klinkt as nostalgie
dat de jimbar iepen wie
werom nei de foeke
nei spoorzicht of club s
ik mis de moaie feestjes
de barman, de dj en de rest

it is dochs oars, in disko yn myn hûs
corona wol net smeitsje, nimmen dûnset noch mei my
it is dochs oars, gjin patat mear fan don foppe
net mear dobbelje by peter en gjin shotsjes mear fan mark

ik langje sa werom nei it hingjen oan ‘e bar
want thús bin ik de barfrou en myn freon de bline par

ik wol werom nei de swaen
dat ha we dûbel en dwars fertsjinne
it klinkt as nostalgie
dat de jimbar iepen wie
werom nei de foeke
nei spoorzicht of club s
ik mis de moaie feestjes
de barman, de dj en de rest

al hingje ik slingers op
en in ljochtshow oan ‘t plafond
dûnsje ik op it keukenblêd
in keamer fol ballonnen
twerk ik op ‘e treppen
of fersier myn eigen man
it is dochs net itselde
hoelang noch? hoelang noch? hoelang noch dit plan?

ik wol werom nei de swaen
dat ha we dûbel en dwars fertsjinne
it klinkt as nostalgie
dat de jimbar iepen wie
werom nei de foeke
nei spoorzicht of club s
ik mis de moaie feestjes
de barman, de dj en de rest

ik wol werom nei de swaen
dat ha we dûbel en dwars fertsjinne
it klinkt as nostalgie
dat de jimbar iepen wie
werom nei de foeke
nei spoorzicht of club s
ja, ik mis de moaie feestjes
de barman, de dj en de rest!

hoelang noch? foar’t we nei ma kelly’s gean
hoelang noch? foar’t we yn ‘e spider stean
hoelang noch? nei de turf, witte herbergh, it syltsje of de stam
hoelang noch? ‘t ouwe vat of ludiek, yn ‘e brabander wer lam
hoelang noch? nei le duc, boekenier of troch de doelesteeg
hoelang noch? bliuwe al dy moaie stamkroegen noch leech?
hoelang noch?!

letras aleatórias

MAIS ACESSADOS

Loading...