letras.top
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

letra de wiebe wieling - sample text

Loading...

[intro: durk]
tjibbe, mei durk, goeiemorgen
moatst ris even harkje
wy moat’ mar even stroaie en skowe
want der is in protsje snie fallen en it is aardich glysterich

[verse 1]
ik reizgje op en del, de ierde oer
mei ús heit en mem of op tienertoer
ja fan tuskenjierren oant stúdzjeplannen
ik bin faak te finen yn frjemdе lannen
fan it mirnser klif oant de evеrest
ik bin noch krekt net by kanye west
dus jubilea, of skifâkansjes
miskien dat ‘k kin mar, gjin garânsjes
mar wat alles feroarje kin
wat alle plannen fergoaie kin
ek al bin ‘k te plak hiel ergens oars
yn de winter ha ‘k alvestêdekoarts
ja by lichte froast bûke wurd ik al gek
mar bart it oait echt stop ik alles direkt
ek al sit ‘k op skoalle, ek al bin ‘k oan ‘t stappen
ik kom fuortendaalk, ek al sit ‘k by de kapper
[refrein]
want as de tillefoan gjit
en se sizze dat it oangjit
dan kinst der mar fan útgean
dat ‘k deselde dei wer thús bin

ja as de tillefoan gjit
en se sizze dat it oangjit
dan kinst der mar fan útgean
dat ‘k deselde dei wer thús bin

[verse 2]
ek al bin ik fier fuort
ik sil en moat dat iis op
ek al haw ik gjin kondysje
sil en moat it al besykje
ik wol in sniebal yn ‘e snút
fytsend ûnderút
redens út it fet wei
bernelik gegekjei
gaos by de skuonneboer
tafels fol mei fûgelfoer
noch in ekstra oaljekoek
en toch ek mar dy thermobroek
earlik
ik sil der altyd wêze
as it falt te rêden
yn de alve stêden
[bridge]
ja as it friezet
en wetter iis wurdt
then i’ll be feeling
like wiebe wieling
ja as it friezet
en wetter iis wurdt
then i’ll be feeling
like wiebe wieling

[refrein]
want as de tillefoan gjit
en se sizze dat it oangjit
dan kinst der mar fan útgean
dat ‘k deselde dei wer thús bin

ja as de tillefoan gjit
en se sizze dat it oangjit
dan kinst der mar fan útgean
dat ‘k deselde dei wer thús bin

want as de tillefoan gjit
en se sizze dat it oangjit
dan kinst der mar fan útgean
dat ‘k deselde dei wer thús bin
ja as de tillefoan gjit
en se sizze dat it oangjit
dan kinst der mar fan útgean
dat ‘k deselde dei wer thús bin

letras aleatórias

MAIS ACESSADOS

Loading...