letras.top
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z 0 1 2 3 4 5 6 7 8 9 #

letra de it paad werom - piter wilkens

Loading...

do bliuwst my noch sa by, doarpke út myn tiid
der is sa`n soad ferdwûn mar dochs bliuwst sa swiet
en wat der net lykop mei myn jeugd ferdwynt
der is altyd dy sin dy`t my oan dy bynt
ea woe`k hjir sa graach wei mei it fluch ferkear
mar ik bliuw no faker thús, tinkend oan alear
yn dy sit noch beweech en ik stean hast stil
it makket neat mear út wêr`t ik hinne sil

ik reizgje op en del, de ierde oer
altyd ûnderweis nei it aventoer
de eachein wol`k foarby, mar wêr`t ik ek kom
de ein fan elke reis is it paad werom

ik learde hjir it keatsen, dat is in trêft
ik learde hjir it riden op de slotsgrêft
ik kriich myn earste tút yn `under `e sjuut`
myn ferhaal mei dy, myn doarp, is nog lang net út
ik boartsje frij yn`t fjild by de grutte feart
ik strún wer fan it aldlân nei de sylsleat
ik sjoch myn âlde hut efter it fabryk
myn flot is wer in boat, it reid myn ryk

ik reizgje op en del, de ierde oer
altyd ûnderweis nei it aventoer
de eachein wol`k foarby, mar wêr`t k ek kom
de ein fan elke reis is it paad werom
de ein fan elke reis is it paad werom

ik rûn oer hege bergen yn himelsk snie
mar seach dêr net de terp wêr`t myn widze stie
ik besocht de grutste stêden fan de wrâld
mar fûn dêr net it doarp dêr`t ik fan hâld

ik doarmje mar wat om dyn tsjerketoer
en wit al myn gereis, ea is it oer
lis my dan yn dyn grûn as ik safier kom
nei myn âlderlêste reis: it paad werom
want de ein fan elke reis is it paad werom
de ein fan elke reis is it paad werom
de ein fan elke reis is it paad werom…

letras aleatórias

MAIS ACESSADOS

Loading...