
letra de myn lêste - piet woudt
as dit myn lêste jier wie, wat soe ik dan noch dwaan?
in fiere reis nei ‘t bûtenlân, of skriuw ik in roman?
of kuierje yn it poalgebiet, stean ik dan de kjeld?
mar dat is net wierskynlik want ik, ik bin gjin held
as dit myn lêste moanne wie, wat soe ik dan noch wolle?
net mei myn kop op de tv, dat is my fierste folle
ik ha genôch oan wa ‘t ik bin, ‘k fyn’t moai sa ‘t it is
ik hoech ek net in grut gebeart op myn begraffenis
as dit myn lêste dei wie, hoe soe dat dan wol fiele?
soe ik dan hiel tefreden wêze nearne swier oan tille
soe ik dan wol throch ha dat it hjoed de lêste is
of libje ik dan lykas oars, en fiel ik gjin gemis
as dit myn lêste oere wie, wol ik dan noch wat sizze?
of bin ik dan sa wurch en wol ‘k allinne noch mar lizze
soe ik dan noch wat lêze wolle of sjen op de tv
of soe ik tinke ’t is genôch, ik fyn it wol okee
as dit myn lêste minút wie, dan is it hjirmei klear
dan stopje ik mei sjongen, dan hoecht het no net mear
letras aleatórias
- letra de live toy circus (with performing chameleon) - darling pet munkee
- letra de head over feet - solarrio
- letra de wrong to be right - raphael lake
- letra de say goodnight - gemini syndrome
- letra de la 2015 - s3rl
- letra de coste de oportunidad - espagueti
- letra de żałuję - daniel dym knf
- letra de ma drogue - alibi montana
- letra de anthem - maluku
- letra de earned my spot - tre capital